Windpark Fryslân wurdt troch Bouwconsortium Zuiderzeewind boud yn de Iselmar by Breesândyk. It is wrâldwiid it grutste wynpark dat yn in binnenwetter oanlein wurdt. It wynpark omfettet 89 turbines fan 4,3 MW. Mei in fermogen fan 382,7 MW leveret Windpark Fryslân foldwaande enerzjy op foar likernôch 500.000 húshâldens. Yn 2021 is it wynpark yn wurking.

By de bou fan it wynpark tinke de measte minsken oan wynturbines dy’t de enerzjy opwekje. Mar foar de oanlis fan Windpark Fryslân is mear nedich. Sa bouwe wy by Breesândyk in transormatorstasjon, lizze wy in stroomkabel oan en komt der fuortby Koarnwertersân in natuer-en wurkeilân.

89 wynturbines

Windpark Fryslân bestiet út 89 wynturbines. Mei in fermogen fan 328,7 MW leveret Windpark Fryslân foldwaande enerzjy op foar likernôch 500.000 húshâldens.

89

89 wynturbines yn de Iselmar.

500.000

Fryske wynenerzjy foar beneistenby 500.000 húshâldens.

800.000

CO2 besparring fan omtrint 800.000 ton yn it jier.

Lokaasje

Windpark Fryslân wurdt boud yn it Fryske part fan de Iselmar op de hichte fan Breesândyk. De krekte lokaasje en de foarm fan Windpark Fryslân binne it resultaat fan jierrenlang passen en mjitten. Der is rekken holden mei farrûtes, fiskerij, fleanrûtes, trekfûgels en flearmûzen, wettersport en toerisme en ek mei it oefengebiet fan Definsje, de Waadsee én de monumintale dyk.

Foarm

Windpark Fryslân kriget in bysûndere foarm. De wynturbines komme nammentlik yn in ‘cluster yn de Iselmar te stean yn de foarm fan in seishoeke. Dy foarm soarget derfoar dat de wynturbines it sicht op de hoarizon sa min mooglik beheine. De ôfstân tusken de wynturbines is 600 meter.

De wynturbines fan Windpark Fryslân

De wynturbines fan Windpark Fryslân binne 180 meter heech. Ta fergelyk: de Achmeatoer yn Ljouwert is 115 meter heech. Efter de skermen wurdt yn fabriken stûf wurke oan de produksje fan de wynturbines. Dêr kinst by tinke oan de fundearringen, de peallen, de rotors (it rûndraaiende part) en de blêden. It Fryske Bijlsma Constructies út Winsum makket de saneamde ‘ynterne platfoarms’. Lês hjir it ynterview mei Symen de Boer fan Bijlsma Constructies oer de bou fan ynterne platfoarms.

Hoe wurket in wynturbine?

Troch de hurde wyn op ‘e Iselmar draaie de rotorblêden (de wjukken) fan de wynturbine. Efter de rotorblêden sit de generator. Dy wurdt troch de draaiende beweging fan de rotorblêden yn wurking set. Sa wurdt griene enerzjy opwekke.

De opwekke enerzjy giet fia in stroomkabel troch de fundearring fan de wynturbine, troch de boaiem fan de Iselmar nei it transformatorstasjon by Breesândyk. Dêr wurdt de enerzjy fan de wynturbines omset nei stroom dy’t gaadlik is foar it heechspanningsnet. Fia twa heechspanningskabels komt de stroom dêrnei op it net.

Sa komt de griene stroom by dy en likernôch 500.000 oare húshâldens teplak.

Wolsto mear witte oer de wynturbines fan Windpark Fryslân? Besjoch de faakstelde fragen.

Transformaasjestasjon

It transformaasjestasjon wurdt boud by Breesândyk. Yn it transformaasjestasjon wurdt de opwekke enerzjy fan de wynturbines opslein en omset nei it heechspanningsnivo fan de netbehearder (TenneT). It transfoarmaasjestasjin wurdt 42 meter lang, 18 meter breed en 7 meter heech.

Leare oer wynenerzjy

It gebou kriget in edukative funksje. Besikers krije tagong ta it gebou fia in gong dy’t dwers troch it transformaasjestasjon hinne rint. Yn dy gong kinst tanksij glêzen gevels oan beide kanten sjen nei de ymposante transformators en mear leare oer wynenerzjy en duorsume stroom.

Stroomkabels

Om de opwekte enerzjy fan de turbines nei de brûker te bringen, lizze wy stroomkabels oan. De stroomkabels rinne fan de wynturbines yn de Iselmar nei it transformatorstasjon yn Breesândyk. Fan it transformatorstasjon giet de stroom fia kabels nei it heechspanningsnet fan TenneT by Boalsert.

Stroomkabels

De kabels lizze twa meter ûnder de boaiem fan de Iselmar, ûnder it fytspaad op de Ôfslútdyk en yn de barm fan de A7.

Wurk- en natuereilân

Ear’t de bou fan Windpark Fryslân op it wetter úteinset, leit Oannimmerskonsortsium Zuiderzeewind in grut wurk- en natuereilân oan by Koarnwertersân. It eilân leit njonken de takomstige fiskmigraasjerivier. Goed 2 hektare fan it eilân leit boppe wetter en dêrneist wurdt der in ûndjippe wettersône oanlein fan ûngefear 25 hektare. It gebiet wurdt tsjin weagen en streaming beskerme troch in lijtedaam mei in lingte fan omtrint 800 meter. It eilân kin wilens de bou fan it wynpark tydlik brûkt wurde as wurkeilân. Op it stuit dat de earste rotor mei wjukken op de wynturbines set wurdt, kriget it eilân in natuerfunksje en mei it net mear as wurkeilân brûkt wurde. It wurdt in oantreklik foerazjear- en rêstgebiet foar fûgels mei derneist in keunstmjittich rif foar fisken.

Aflevering 1 - Bart bouwt een windpark met
Hoe boust’ eins in wynpark yn de Iselmar? Yn dizze fideo sjochsto mei projektyngenieur Bart Ummels efkes achter de skermen fan Windpark Fryslân.
Wistesto dat…

de ôfstân tusken alle wynturbines minimaal 600 meter is?

As it wynpark klear is, mei der tusken de wynturbines fearn wurde. Windpark Fryslân sil in feilich fargebiet wêze. Alle turbines wurde foarsjoen fan nautyske feilichheidsmarkearringen. Ta de maatregels foar feiligens heart ek de fermelding fan de wynturbines op nautyske kaarten. Binnen Windpark Fryslân jildt strak in ferplichte feilichheidsôfstân fan 50 meter ta alle turbines. Dy ôfstân is, rekken hâldend mei de minimale ôfstân fan op syn minst 600 meter tusken de turbines, goed oan te hâlden.